In gesprek met … Willy Jelsma, De Fermanje

Willy en Piet Jelsma binne yn desimber 2015 begon mei Aktiviteitenlokaal De Fermanje. ‚Piet en ik bestelden altiid by de Superrr, en letter by de Centerr,‘ fertelt Willy. ‚Dan waard it brocht, en hoegden we der sels net om út.

Mar doe de supermarkt ticht gong moast dat al. Eltse wike wer nei de gruthandel, soad gesleep en gesjouw. Neat oan, mar ja, it wie net oars. Doe’t doarpswinkel By de Toer startte wienen we dêr fansels bliid mei. Fan wc-papier oant bier, alles wie wer te bestellen. Piet brocht it bestelformulier it leafst sels nei de winkel. Hy koe dan oeren ûnderweis wêze, hy mocht graach in praatsje meitsje mei eltsenien. Tongersdeis wurdt it dan brocht, en as der tuskentiids ris wat te min bier is, dan wurdt dat ek noch efkes brocht. Hiel noflik!

Foar ús wie it gemak fansels wichtich, mar ek dat de winkel in doarpsfoarsjenning is. Dy wolst yn stân hâlde! Aldeboarn is sawiesa in doarp wat in soad tegearre foar mekoar krijt. De gondelvaart fansels, mar bygelyks lêstent de huldiging fan Jorrit, dat dogge we dan as horeka tegearre. Moai no. Ast mei syn allen gearwurkest, dan kinst in soad. Meikoarten dogge we mei keningsdei ek wer wat mei syn allen, dat wurdt ek wer in feest.

Doe’t Piet siik waard ha we it deroer hân: wat dogge we mei de Fermanje? Piet woe graach dat it troch gong. Foar it doarp; want oars is der gjin grutte seal mear foar feestjes, of toniel, of muzyk. Mar ik fernaam doe wol hoefolle Piet efkes tuskentroch die, wêr’t ik gjin weet fan hie. Dat moast ik allegear útfine, neist myn gewoane wurk. As minsken sizze dat it der moai útsjocht, dan wurd ik der bliid fan, dan ha‘k it goed dien.

Dat gearwurkje mei ferienings, mei oare horeka, mei de winkel, dat mei syn allen it doarp leefbêr hâlde, dat is hiel wichtich. Ik hear wol ris minsken sizze dat se sa bliid binne dat de Gondel wer iepen is. En hoe moai it is dat der in winkel is, dat se in praatsje meitsje kinne. Dat ast siik west hast, dat ien freget hoe’t it no giet. Dat is echt Aldeboarn!‘

Gerelateerde artikelen

Dorpswinkel By de toer

In gesprek met … Hieke Ouderkerken

Dorpswinkel By de toer

In gesprek met … Samen Gebrand

Dorpswinkel By de toer

In gesprek met … Marco Beets