In gesprek met … Samen Gebrand
Arnold Hobma en Stefan Oosterbaan: “Ferline jier binne we as bedriuw nei Boarn ferhúze, midden yn it doarp. As bedriuw makkest ûnderdiel út fan in doarp, en dat wolle we ek, we wolle graach dy ferbining. Yn it doarp de boadskippen dwaan heart der dan fansels by. Dat we binne mei Jannie om tafel gong, hoe regelje we dat, wat wolle wy en wat kin de doarpswinkel ús biede.“
We binne der hiel tefreden mei. It is altiid fleksibel, der wurdt meitocht en der kin altiid fan alles. Fan’e wike waarden we sels belle; der wie in justjes oare tsiis as wat we oars ha, of dat ek in probleem wie. Fantastysk.
It is ek in moai loopke, fan ús kantoar nei de winkel. En it leuke is, trefst altiid wol kunde – of dat no in oare klant is of in frijwillicher. Foar in Boarnster om útens (Arnold) is dat in moaie bonus.
Wy meitsje websites, foar bedriuwen. We sette dan foaral yn op in optimaal risseltaat fan de site. Dus mear gemak foar de gebrûker fan de site, mar ek foar ús klant. Sa binne we no ek dwaande foar de winkel. We krigen de fraach om mei te tinken oer de bestelprosessen. De frijwilligers moatte no alles mei de hân dwaan; alle bestellingen komme op ferskillende manieren binnen, moatte alle dagen mei de hân sammele wurde, en ek alle dagen mei de hân wer besteld by de ferskillende leveransiers. Dat kost in soad tiid! Wy binne no dwaande om dy prosessen digitaal gear te foegje, sadat der per dei in oersjoch komt mei de bestellingen foar de bakker, de slager, de grienteboer útsplitst. It sil foar in part altiid hânwurk bliuwe, mar alles wat we automatisearre kinne skeelt wer. As bonus wurdt it bestelproses foar de klanten fan By de Toer dan ek noch makliker.“
